Jonge (13) bellet 1-1-2 falsk

De plysje hat tiisdei in jonge fan 13 út Eastermar oanhâlden. De jonge hat tajûn dat er ferskeidene falske 1-1-2 meldings dien hat, ûnder oaren oer in brân yn in flat en in stekpartij. By ien fan dy petearen bedrige de Eastermarder ek noch in sintralist fan de meldkeamer.
De 13-jierrige is oanhâlden en op it plysjeburo, yn bywêzen fan syn mem, troch de plysje heard. Hy sei dat it om in grap gie. It iepenbier ministearje sil útmeitsje oft de jonge ferfolge wurdt.