Boartersguod stellen yn Burgum

06 jun 2012 - 11:07
Boeien - Foto: ANP XTRA

In man en in frou út Ljouwert binne tiisdei yn Burgum oanhâlden foar stellerij. De twa fan 28 en 27 jier woene by in winkel oan de Skoalstrjitte boartersguod stelle. It personiel trapearre de twa lykwols. Sy naaiden út, mar it personiel warskôge de plysje. Dy koe de frou al gau oanhâlde.

De man wie yn earste ynstânsje spoarleas, mar mei help fan Burgernet waard er fûn yn de Prins Bernhardstrjitte. Hy wie útnaaid yn syn auto. Beide binne oerbrocht nei it plysjeburo en dêr fêstset.

Trefwurden: 
Burgum boartersguod
(Advertinsje)
(Advertinsje)