Flearmûze-ûndersyk súkses

06 jun 2012 - 10:52

It ûndersyk nei it fleangedrach fan 'Groot oor' flearmûzen by de tsjerke yn Sumar is in grut sukses. De ôfrûne trije jûnen binne der mear as 16 fongen. Se krigen in lyts stjoerderke opplakt wêrnei't se wer loslitten binne.

It ûndersyk bart yn opdracht fan Rykswettersteat en de Provinsje. Dy wolle mear te witten komme oer de flearmûzen sadat se der mei de oanlis fan de Sintrale As rekken mei hâlde kinne. No al is bekend dat flearmûzen sa leech mooglik fleane wolle fanwege de ûlen.

As der beamsingels omhakt wurde moatte fanwege de nije dyk, dan moat der dus wat oars foar werom komme sadat de flearmûzen omheech moatte.

Trefwurden: 
Sumar flearmûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)