Skier krijt Sineeske bussen

06 jun 2012 - 10:06

In Europeeske primeur foar Skiermûntseach. Op it waadeilân sille yn 2013 seis elektryske bussen út Sina ride. Deputearre Johannes Kramer presintearre dat plan woansdei op it Provinsjehûs mei it Sineeske bedriuw BYD, dat de bussen leverje sil. Yn Sina ride al tûzenen bussen fan dat bedriuw, mar yn Europa noch net ien.

It Sineeske bedriuw is út de skroeven mei it binnenheljen fan de opdracht en wol besykje mear lannen yn Europa te feroverjen mei de elektryske bus. It gie om in iepenbiere oanbesteging en de Sinezen hiene it bêste oanbod.

Wethâlder Louis Wiersema fan Skiermûntseach tinkt dat no't de bussen op it eilân elektrysk wurde, grif mear minsken dat foarbyld folgje sille en in elektryske auto keapje yn 't plak fan in disel of in benzine-auto.

(Advertinsje)
(Advertinsje)