Antonius sikehûs duorsum skjin

06 jun 2012 - 00:39
Foto: Omrop Fryslân

It Antonius sikehûs yn Snits is it earste sikehûs yn Nederlân dat oerstapt op skjinmeitsjen op basis fan nanotechnyk. Dêrmei kin it sikehûs makliker, effisjinter en duorsumer skjinmakke wurde. Boppedat tinkt foarsitter Wouter van der Kam fan de ried fan bestjoer dat it Antonius Sikehûs mei minder skjinmakmiddels ta kin.

Mei nanotechnology komme der smoargens- en wetterôfstjittende middels om de lytste parten fan de atomen te sitten.

Dêrtroch krije oare stoffen gjin greep. It Antonius sikehûs brûkt in tapassing fan nanotechnology dat net fertinne wurdt. Ferskate opperflakten hoege dêrtroch minder faak skjinmakke te wurden. De ôfrûne wiken is it skjinmeitsjen mei nanotehcnology mei súkses testen yn it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)