Nije brêge yn Frjentsjer

05 jun 2012 - 22:31

De stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer wurdt ferfongen troch in nije brêge. De Stasjonbrêge út de jierren '50 is oan'e ein, te smel en te leech. Der moat sels draaid wurde foar in kano en dat soarget foar in soad oerlêst, foaral foar treinreizgers.

De gemeente en de provinsje prate al jierren oer it knipepunt yn it kanaal, fanwege it jild.
De nije brêge wurdt rûsd op acht miljoen. Dat jild is der noch net.

It is ek noch net dúdlik hoefolle de gemeente bydrage moat en hoe't de brêge der út komt te sjen. De brêge wurdt yn elts gefal breder en heger en moat ein 2013 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)