Mid-Fryslân ferliest finale

05 jun 2012 - 22:23
Kuorbal - Foto: ANP XTRA

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha tiisdeitejûn de noardlike bekerfinale mei rom ferskil fan Nic ferlern: 21-12. Op it keunstgers fan kuorbalferiening Drachten naam Mid-Fryslân in 3-1 foarsprong, mar nei 6-6 rûn it Grinzer Nic út nei 11-7 by it skoft. Yn de twadde helte wie it ferset fan de kuorballers fan Reduzum en Grou brutsen. Under oanfiering fan Friso Boode rûn Nic út nei de 21-12 einstân. Beide ploegen troffen elkoar dit seizoen ek yn de eareklasse. Op it heechste kuorbalnivo fan Nederlân wûn Nic ek beide kearen: 14-12 en 16-14.

Trefwurden: 
kuorbal Mid-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)