Gjin leezjes Eaststellingwerf

Organisatoren fan eveneminten yn Eaststellingwerf hoege foarearst gjin leezjes mear te beteljen. Dat hat de gemeente besletten, neidat de organisaasjes fan twa eveneminten yn Eaststellingwerf fanwege de kosten yn de problemen kamen. It giet om de Berne- en de Harleydei.
Beide eveneminten drigen troch de jildpine net troch te gean. It organisearjen fan aktiviteiten befoarderet lykwols de leefberens op it plattelân.
Dêrom freget Eaststellingwerf de kommende tiid gjin leezjes mear. Organisaasjes moatte leezjes betelje foar de fergunning om sa'n evenemint te hâlden. Ein juny besjocht de gemeente hoe't der yn de takomst mei leezjes omgien wurde moat.