Bouwmeester en Postma omheech

Marit Bouwmeester hat op de twadde dei fan de wrâldbeker op it Olympyske wetter fan Weymouth in protte goedmakke. De Wartenster wûn de tredde race yn har Laser Radial en waard tredde yn de fjirde race. Marit klimt nei it fiifde plak mei 24 punten. Evi van Acker is earste mei 14 punten.
Pieter-Jan Postma kaam yn de Finn trije kear yn aksje. Hy waard tredde, achtste en sânde. Syn 39e plak fan de earste dei is skrast. Postma hie gjin skuld oan de oanfarring en mei oant en mei tongersdei it gemiddelde fan syn races byskriuwe. Postma is no fjirde.