Foppe earelid belangeklup
Foppe de Haan is tongersdei beneamd ta earelid fan de belangeferiening Coaches Betaald Voetbal. De Haan hat njoggen jier foarsitter fan it CBV west en hat bydroegen oan de ûntwikkeling fan de klup. Tagelyk mei De Haan is bûnscoach Bert van Marwijk beneamd ta earelid.