Jos van der Horst op 50e plak

Jos van der Horst fan Drachten is de heechste Fries op de SP-konsept-kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings. De fraksjefoarsitter fan de partij yn Provinsjale Steaten stiet as listtriuwer op it 50e plak. De top trije fan de partij bestiet út listlûker Emile Roemer, Renske Leijten en Ronald van Raak. Ald-Ljouwerter Farshad Bashir stiet op it 13e plak.
Pim Siegers fan Alde Pekela is de heechste kandidaat út it Noarden. Hy stiet 36e.