Hege straf saak Easterwâlde

27 okt 2011 - 19:09

Tsjin trije fertochten fan in gewelddiedige oerfal yn Easterwâlde binne tongersdei foar de Ljouwerter rjochtbank straffen fan 6 en 2,5 jier sel easke. It Iepenbier Ministearje wol mei dizze hege eask in sinjaal ôfjaan oan de mienskip en in warskôging oan oerfallers. Yn febrewaris waard in wenning oan de Fenne yn Easterwalde oerfallen. Fjouwer fertochten út IJmuiden, Nieuw Vennep en Assendelft waarden oanholden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)