Legionella yn Littenseradiel

05 jun 2012 - 16:19

Yn de dûsen fan de gymnastyklokalen fan Winsum en Mantgum is by de jierlikse kontrôle de legionellabaktearje ûntdutsen. De gemeente Littenseradiel hat de dûsen dalik ôfsletten. De gemeente ropt de minsken dy't koartlyn noch dûsd ha yn de gymnastyklokalen fan Winsum en Mantgum op om har by sûnensklachten te melden by de hûsdokter.

Beide gymnastyksealen hawwe in systeem dat legionella foarkomme moat. Troch de buizen wurdt wetter fan 80 graden Celcius spuite. Undersocht wurdt hoe't it kin dat de legionellabaktearje dochs oantrof oantroffen is.

De legionellabaktearje kin de feteranesykte feroarsaakje. Besmetting fynt plak troch it ynazemjen fan de baktearje yn wetterdamp. It drinken fan wetter is gjin risiko. De earste ferskynsels binne meastentiids in opkommende pineholle, spierpine en in siik gefoel.

Trefwurden: 
legionella Winsum Mantgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)