Jacobi wer 'grien politikus'

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi (PvdA) fan Wergea is troch Natuermonuminten nominearre foar de priis 'Grienste Politikus fan Nederlân'. Jacobi hat foar de priis konkurrinsje fan Rik Grashoff fan GrienLinks en Stientje van Veldhoven fan D66.
Jacobi hat har nominaasje te tankjen oan har sterke en konsekwinte ferset tsjin it ôfbrekken fan it natuerbelied troch steatssiktaris Henk Bleker. De trije keamerleden wurde ek priizge foar har natuerbeskermingswet Mooi Nederland. Nije wike tiisdei wurdt bekend makke wa't de priis wint.
Yn 2009 is Jacobi ek al in kear útroppen ta Grienste Politikus