Wmo-ferfier nei Witteveen B.V.
De gemeenten Fryske Marren y.o., Littenseradiel en Súdwest-Fryslân hawwe it learlinge- en Wmo-ferfier mienskiplik Europeesk oanbestege en foar it grutste part gund oan Taksysintrale Witteveen B.V. It kontrakt mei it learlingeferfier giet it nije skoaljier, septimber 2012, yn.
By de offertes is net allinnich sjoen nei de priis, mar ek nei kwaliteit en duorsumheid. By it Wmo-ferfier sil 70 prosint fan de auto's op griengas ride, by it learlingeferfier hinget dat ôf fan de bestimming.
It WMO-ferfier is fierder gund oan De Vier gewesten B.V. mei dêryn Van der Bles en oan Oenema Taksi.