Quenten Martinus nei Sparta

05 jun 2012 - 15:39
Foto: awfoto.nl

Quenten Martinus spilet it kommende seizoen foar Sparta Rotterdam. De linker oanfaller fan SC Hearrenfean wurdt foar ien seizoen hierd. Martinus (21) kaam it ôfrûne seizoen acht kear yn aksje foar it earste fan de Feansters. By Sparta moat er troch in protte spylminuten trochgroeie om sterker en better werom te kommen.

Donovan Deekman, âld-spiler fan Hearrenfean, giet ek nei Sparta. Deekman spile de lêste trije jier foar it Belgyske Sporting Lokeren.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)