Viktor Elm definityf nei AZ

05 jun 2012 - 14:48
Foto: awfoto.nl

AZ hellet Viktor Elm nei Alkmaar. It kontrakt fan de middenfjilder by Sportklup Hearrenfean rint ôf en hy is dus transferfrij. Elm moat noch wol medysk keurd wurde. By AZ komt hy nei alle gedachten syn broer Rasmus tsjin, al stiet dy ek yn de belangstelling fan oare klups. Earder spilen de beide bruorren al tegearre by it Sweedske Kalmar FF.

Viktor Elm hat trije en in heal jier foar Hearrenfean fuotballe. Hy spile yn totaal 102 kompetysjewedstriden en skoarde dêryn 15 kear.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)