Goeie kaartferkeap Oerol

05 jun 2012 - 14:23
Oerol 2012

Oerol hat oant no ta tsientûzen tagongsbewizen foar it Skylger festival ferkocht. Dat is 25 persint mear as ferline jier. Yn de earste twa wiken fan de online-kaartferkeap fan Oerol is ek in rekôrtal fan 50.000 kaarten ferkocht. In tal foarstellingen is no al net mear online beskikber.

De organisaasje tinkt dat de ekstra ferkeapen foaral komme om't foarôf goed dudlik makke is dat minsken in polsbantsje nedich hawwe as tagongsbewiis foar Oerol. Oant no ta wie dat in Oerol-paspoart, mar lang net elkenien kocht dat.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)
(advertinsje)