Nije funksje stedhûs Boalsert

05 jun 2012 - 14:17
It stedhûs fan Boalsert

It monumintale stedhûs fan Boalsert moat iepen en tagonklik bliuwe. Dat wol it kolleezje fan b. en w. fan Súdwest-Fryslân. It kolleezje docht op dit stuit ûndersyk nei in passende nije bestimming foar it ryksmonumint. Dêrby wurdt tocht oan it húsfesten fan de biblioteek en de trije Boalserter musea.

De gemeente fynt it wichtich dat it gebou iepenbier tagonklik bliuwt. It stedhûs moat sowieso beskikber bliuwe as troulokaasje en foar represintative byienkomsten. Ek wol de gemeente in gemeenteloket yn it stedhûs ûnderbringe.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs
(advertinsje)
(advertinsje)