100 banen fuort yn Feanhuzen

05 jun 2012 - 14:14

Steatssiktaris Teeven fan justysje hat besletten dat finzenis Groot Bankenbosch yn it Drintse Feanhuzen, krekt oer de Fryske grins, op syn lêst begjin 2014 ticht moat. Troch de sluting fan de finzenis ferdwine yn Feanhuzen 100 fan de 540 banen. De twa oare finzenissen fan Feanhuzen, Esserheem en Norgerhaven, bliuwe wol iepen.

Justysje sil besykje om de meiwurkers yn fêste tsjinst in funksje yn in oare finzenis oan te bieden. Sawat 150 fan de 540 meiwurkers fan de trije finzenissen yn Feanhuzen wenje yn Fryslân.

Teeven hat besletten om Groot Bankenbosch te sluten omdat der yn it Noarden tefolle selkapasiteit is. It Ryk wol derop ta dat detinearden har straf safolle mooglik yn eigen omjouwing útsitte. Op dit stuit is it sa dat sa'n 80 % fan de detinearden fan Groot Bankenbosch út de Rânestêd of it suden fan Nederlân komt. Direkteur Yntema fan de finzenissen yn Feanhuzen fynt it spitich dat Groot Bankenbosch ticht giet.

(advertinsje)
(advertinsje)