Ipebehear SWF troch Ipewacht

In rige ipen
It ipebehear yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt dit jier folslein útfierd troch de Stichting Iepenwacht Fryslân. De Ipewacht wie al ferantwurdlik foar it behear fan de ipen yn de eardere gemeenten Snits, Boalsert en Wymbritseradiel. Dêr komme no de eardere gemeenten Nijefurd en Wûnseradiel by.
Súdwest-Fryslân tinkt dat it ipebehear dêrmei effisjinter en effektiver útfierd wurde kin. Boppedat draaie de ynwenners fan de gemeente no net mear op foar de kosten fan it fuortheljen fan sike ipen, omdat de stifting dat tenei docht.
Súdwest-Fryslân hat goed 16.000 registrearre ipen.