Elektryske laadpunten H'fean

27 okt 2011 - 18:37

It Hearrenfean hat trije oplaadpunten foar elektryske auto's. De laadpunten mei elk twa parkearplakken binne by it Gashoudersplein, de Poststrjitte en by it Abe Lenstrastadion. Wethâlder Siebinga ûntbleate tongersdei it earste laadpunt op in moeting fan 'e freonen fan Drive4Electric. Der binne yn Fryslân no sa'n 40 laadpunten foar sa'n 20 elektryske auto's. De provinsje wol it tal elektryske auto's, bussen en scooters útwreidzje oant 200 yn it jier 2012.

(Advertinsje)
(Advertinsje)