Frachtwein botst, A32 stremd

05 jun 2012 - 13:46

De A32 tusken Akkrum en It Hearrenfean is noch seker oant de jûnsspits stremd as gefolch fan in oanriding tusken in betonauto en in ridende ôfsetting. De frachtwein hat 50 ton beton oan board en it is dêrom dreech om it gefaarte te bergjen. By de oanriding is de frachtweinsjauffeur ferwûne rekke.

Neffens de bestjoerster fan de ridende ôfsetting binne trije gersmeanders oan de dea ûntsnapt omdat har auto de klap opfong. Rykswettersteat tinkt dat omtrint 17.30 oere de dyk wer frij is.

Ferkear wurdt by it ûngelok omlaat fia in benzinstasjon, mar moat al rekken hâlde mei fertraging.

Trefwurden: 
A32 Haskerdiken
(Advertinsje)
(Advertinsje)