RUG: prate mei Ryk oer Frysk

05 jun 2012 - 12:35

De Ryksuniversiteit Grins en de provinsje Fryslân sille yn oerlis mei it Ryk om te praten oer it behâld fan de stúdzje Frysk as selsstannige stúdzjerjochting.

It Ryk hat fêstlein dat der yn Nederlân op syn minst ien folweardige universitêre stúdzje Frysk wêze moat. As it Ryk dat fynt, dan soe it Ryk eins ek bydrage moatte oan de finansiering fan dy stúdzje. Dat seit dekaan Gerry Wakker fan de letterefakultuit fan de Ryksuniversiteit Grins. Frou Wakker wol mei it Ryk prate op basis fan in nij plan foar de stúdzjerjochting Frysk.

Neffens frou Wakker binne der te min studinten om it Frysk as selsstannige stúdzjerjochting oerein te hâlden yn in tiid fan besunigings. Sy hat dêrom earder besletten om it Frysk mei yngong fan it kommende stúdzjejier ûnder te bringen by de stúdzjerjochting 'Europeeske talen en kultueren'. De Fryske studinteferienings Bernlef en Skanomodu binne it dêr nei mei iens en binne yn aksje om de stúdzjerjochting Frysk te rêden. Foar no freed stiet by it Akademygebou yn Grins sels in demonstrative 'rouseremoanje' foar de stúdzje Frysk op it programma. It ferwyt fan de studinten dat der foar de stúdzje Frysk mar ien dosint oerbliuwe soe, is neffens frou Wakker net terjochte. De provinsje Fryslân befestiget dat der geregeld oerlis is mei de Ryksuniversiteit Grins oer de stúzjerjochting Frysk, mar woe dêr tiisdei fierder neat oer sizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)