Poppen mei namme Saskia socht

05 jun 2012 - 12:20

De Stichting Culturele Herdenkingen in Fryslân is foar de fiering fan it 400ste bertejier fan Saskia Uylenburgh op syk nei in poppe mei de namme Saskia. Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert is op 13 oktober in foarstelling oer de frou fan Rembrandt van Rijn. Dan wurdt ek de doop neispile en dêrom siket de organisaasje krekt berne poppen dy't Saskia hjitte.

Uylenburgh waard berne yn Ljouwert. De poppen kinne oanmeld wurde op saskia400.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)