Net tefreden oer bidbook KH

05 jun 2012 - 12:04

Noch net Europeesk en fernijend genôch, dat is neffens de skriuwers de krityk op de earste fersy fan it bidbook foar de Kulturele Haadstêd 2018. Sels binne se te sprekken oer de plannen, sa as in 50 meter heech byld fan keunstner Escher en in wike ruiljen fan plak fan Friezen mei ynwenners fan Malta.

Trije moanne lang hat in tinktank fan tsien persoanen wurke oan it bidbook. Mar folslein is it neffens har noch lang net. Tiisdei wurde de plannen offisjeel oerlange oan it bestjoer fan de Kulturele Haadstêd.

Yn oktober moat it definitive bidbook klear wêze.

Trefwurden: 
HK2018 bidbook
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)