Gjin lotterij foar Thialf

05 jun 2012 - 11:46

It organisearjen fan in nasjonale lotterij foar de finansiering fan in nij Thialf is wetlik net tastien. Neffens minister Schippers fan folkssûnens en sport mei de opbringst fan in lotterij allinne mar beskikber steld wurde oan in goed doel. Thialf is lykwols in kommersjele ynstelling en komt dêrtroch net yn oanmerking foar de opbringst fan in lotterij.

Neffens de minister is der noch wol in mooglikheid om in lotterij te organisearjen om de reedrydsport te befoarderjen.

It giet dan lykwols om in ynsidintele lotterij dy't faak organisearre wurdt troch sportferienings. Neffens de minister hat yntusken lykwols bliken dien dat soks faak net genôch opsmyt. Boppedat giet it faak om regionale lotterijen.

Trefwurden: 
Thialf lotterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)