Wettermotor is superútfining

27 okt 2011 - 17:16

Mei de wettermotor de Liberator kin yn de takomst duorsume enerzjy opwekt wurde. De masine soarget derfoar dat restwaarmte fan bygelyks kearnreaktoaren brûkt wurdt om nije en skjinne enerzjy op te wekken. De útfining is yn Amearika betocht mar wurdt troch twa Fryske bedriuwen, Autonational en Newton Greenpower, produsearre. Neffens Newton Greenpower is de útfining like wichtich as dy fan de kearnenerzjy en kin dizze masine yn de takomst kearnsintrales ferfange.

(Advertinsje)
(Advertinsje)