Gearwurking fersekeringen

De fersekeringsbedriuwen Vereniging Noord Nederland op It Hearrenfean en TVM Verzekeringen prate mei-inoar oer gearwurking. Noord Nederland is in bedriuw dat benammen aktyf is yn de binnenfeart en dat is krekt de sektor dêr't TVM him mear op rjochtsje wol. Neffens TVM sit der noch flinke groei yn dy sektor.
It is de bedoeling dat Noord Nederland fierder giet ûnder de flagge fan TVM, mar it hâldt wol de eigen namme, direksje en meiwurkers. Omdat Noord Nederland in ûnderlinge fersekerder is, moatte leden noch wol tastimming jaan.