Lemsterlân hâldt jild oer

De Lemmer © ANP
De gemeente Lemsterlân hat ferline jier 1,7 miljoen euro oerholden. Dat komt foaral troch in hegere útkearing fan it Ryk en de ferkeap fan grienstripen. Dat lêste smiet goed twa ton op. Fierder koe de gemeente mei troch it realisearjen fan de earste faze fan de wenwyk Tramdyk Oost goed in ton ekstra bou-leezjes ynbarre.
Lemsterlân wol de 1,7 miljoen euro ûnder oare brûken foar de werynrjochting fan it sintrum fan De Lemmer. De gemeente wol 7,5 ton beskikber stelle foar in mooglik nije ynfolling fan it plak fan it gemeentekantoar.
Dat wurdt nei alle gedachten opheft troch de gemeentlike weryndieling. De gemeente wol ek noch de boarterstunen opknappe.