Oplichter De Westereen oppakt

In 57-jierrige man út De Westereen is moandei oanhâlden foar oplichting en fertsjustering fan 4 miljoen euro. Der binne 50 oanjeftes tsjin de man. De rjochter-kommissaris hat tongersdei besletten dat de man noch 14 dagen langer fêstsitten bliuwt. De saak kaam oan it rôljen doe't slachtoffers it tv-programma Tros Opgelicht ynskeakelen oer de praktiken fan man. Nei de útstjoering fan it programma kamen de oanjeftes binnen.