Famke (9) ferwûne by oanriding

05 jun 2012 - 10:33
Foto: Omrop Fryslân

In famke fan 9 jier út Lúkswâld is moandei ferwûne rekke by in oanriding op De Gordyk. Se fytste oer de Brouwerswal en stuts ynienen de dyk oer. In 35-jierrige automobiliste koe it famke net mear ûntwike en skepte har. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht.

Trefwurden: 
Lúkswâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)