Man mishannelet syn frou
De plysje hat moandei in 32-jierrige man út Kollumersweach oanholden foar mishanneling. Der wie in melding kaam dat de man spul hie mei syn frou. Doe't de plysje nei de wenning fan it stel gie, wie de man útnaaid. De buertplysje seach him fytsen. De fertochte draafde in stik lân yn.
Troch de ynset fan in plysjehûn koe de man al gau oanholden wurde. Hy is fêst set.