Akku's en autobannen stellen

05 jun 2012 - 10:21
Ynbraak - Foto: ANP XTRA

Fan in ôfsletten terrein by in garaazjebedriuw oan De Kletten yn Drachten, binne 16 akku's en acht autobannen mei felgen stellen. Dat is bard tusken sneontemiddei en moandeitemiddei.

De dieven kamen it terrein op troch twa stekken te fernielen. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
autobân akku
(Advertinsje)
(Advertinsje)