Blog: Dokter by Scania

05 jun 2012 - 10:00

Nei acht kilometer oer in grúsdyk, troch de bosk, komme we oan by in âlde Sweed. Nee, hjir wennet gjin famylje Liethof. Dus wer werom, ús auto is yntusken read fan it stof, ús tocht begjint op in echte safary te lykjen. We wiene safier de bosk yn dat we Monique net berikke kinne. Ien kear op it komfortabele asfalt mar wer belje en al gau sjogge we har op 'e dyk stean. Wim en Monique Liethof hiene earder in húsdokterspraktyk yn Harns. Tsien jier ha se ek yn Oskarshamn in praktyk hân en doe waard Wim frege om by de medyske tsjinst fan Scania te kommen.

Nei de lunch mei smörgastatorta hat Wim in rûnlieding regele troch it fabryk. We kenne de grutte frachtweinen allegear, en no sjogge we hoe't se fan in plaat stiel ferfoarme wurde ta in kabine. Ien en al grutte robots om ús hinne, it lykje wol dinosaurussen dy't krekt witte hoe't se laskje moatte of ruten ynsette. Alles wurdt troch minsken ynspekteard en kontroleard. Scania wurket fanút trije wearden: de klant stiet foarop, respekt foar elkoar en gjin fergriemen fan materiaal. Dizze filosofy kin de meiwurkers lêze op it boerd midden yn it fabryk, dêr't 2500 minsken wurkje. Fierder sjogge we yn de ferskillende hallen grutte buorden dêr't te lêzen is hoe't de produksje is, oft se achter rinne en hoe faak se stoppe ha om in flaterke yn it wurkproses te werstellen. Alles stiet op grien en dat betsjut dat it goed giet. Even letter is it stil, de minsken binne fuort en de apparaten stean stil: se ha sa'n 5 oant 7 minuten skoft. Even letter giet de Scania masine wer fierder. We binne ûnder de yndruk fan wat we hjir allegear sjogge.

Wim stelt ús foar oan de meiwurkers fan it sûnenssintrum. It wurk yn it fabryk is net altyd maklik, wurknimmers kinne stress erfare en bepaald wurk is swier. De ferhâlding man - frou is twa tredde - ien tredde. Hoe hâlde se de meiwurkers sa fit mooglik en wat moat der dien wurde om in sike meiwurker wer oan de slach te krijen? Dêr giet it om en Wim docht sels ûndersyk nei it makliker reyntegrearjen fan útfallen meiwurkers. Yn oparbeidzjen mei de universiteit yn Uppsala ûntwikkelje se in nije manier fan wurkjen.

Jûns ite we mei de famylje en prate mei Monique oer har wurk. Se werft minsken yn Nederlân en België foar de arbeidsmerk yn Sweden. Har wurk stiet no op in sacht pitsje omdat Monique behannele wurdt tsjin boarstkanker. Fierder sjongt se by in koar, "daar word ik juist nu weer een beetje vrolijk van".

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)