Hoekstra nei FC Emmen

05 jun 2012 - 09:57

Henk Hoekstra wurdt tydlik de nije direkteur fan fuotbalklup FC Emmen. De âld-finansjeel direkteur fan Sportklup Hearrenfean sil de funskje ynfulle oant 1 septimber. Hoekstra folget Jacob Paas op, dy't de funksje fan direkteur fan de klup út de earste divyzje ek tydlik op him naam hie. Emmen sit yn finansjeel swier waar. Hoekstra is op dit stuit ek foarsitter fan iishockeyklup Flyers fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal Emmen Henk Hoekstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)