Grûnûndersyk Knooppunt Joure

05 jun 2012 - 09:51

De kommende wiken wurdt archeologysk ûndersyk dien by it ferkearsplein fan De Jouwer. Foardat de wurksumheden dêr begjinne, wurdt earst de grûn ûndersocht.

Doel is om ynsjoch te krijen yn de opbou fan de grûn en de mooglike oanwêzigens fan archeologyske fynplakken. Dêrfoar wurdt binnen de grinzen fan it nije ûntwerp fan Knooppunt Joure oant twa meter djip boarre. Op 'e earste dei fûn argeolooch Koen Hebink al in pear mooglik bewurke fjoerstiennen.

Trefwurden: 
De Jouwer knooppunt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)