Rottige Meenthe hieltyd wieter

De saneamde Legakkers yn natoergebiet de Rottige Meenthe driigje te ferdwinen. Dat wurdt ûnder oare feroarsake troch guozzen. Dy frette it lân keal sadat de grûn fuortwaait en it wetter stadichoan de oerhân krijt. Keunstmjittige oplossings binne gjin opsje omdat dy tefolle skea feroarsaakje. Steatsboskbehear tinkt no oan it plantsjen fan beammen en struken. Dy hâlde de grûn better fêst. Ek sil besocht wurde de guozzen fan it lân te kearen.