Blog: Kok yn Sweden

05 jun 2012 - 09:42

Arjen en Ruth Dol wenje mei harren fjouwer bern yn Sävsjö. Jelmer fan 8 en Brent fan 6 fine ús opnameapperaat mar wat moai en begjinne mekoar te ynterviewen. De jonges prate goed Frysk. Arjen en Ruth prate thús mei de bern Frysk, it Sweedsk leare se op skoalle. Jelmer sit al twa jier op skoalle, Brent begjint nei de simmer. Der foar ha se op in soarte fan peutelskoalle/kresj west dêr't in soad omtinken wie foar de natoer. Se witte dan ek krekt watfoar planten se ite kinne yn de bosk. Doe't Jelmer in kear by pake en beppe yn Wurdum wie, pakte hy in mier en iet 'm op. Dêr seach beppe dochs wol hiel raar fan op!

Ruth wurke yn Fryslân by in hotel/restaurant, Arjen hie in goeie baan as 'cateringmanager' by de Friese Poort. Mar beide ha altyd yn 'e achterholle hân dat se wolris wat oars woenen, in avontoer yn it bûtenlân, bygelyks in eigen hotel...? Heit en mem Buijs setten de stap te ferhuzjen nei Sweden en tichtby har doarp stie in hotel te keap. De keap gong net troch mar Arjen en Ruth hienen de smaak te pakken. Arjen koe oan 'e slach by in oar hotel en mei help fan heit en mem Buijs kaam der in hûs yn Sävsjö. Dat is no sa'n fjouwer jier lyn. Ruth hat hearlik tiid foar de bern. Memmen krije yn Sweden wol in jier swangerskipsfelof. It die bliken dat Ruth dat ek noch foar in part krige foar de bern dy't yn Nederlân berne binne.

We ha Arjen moarns opsocht op syn wurk. Dêr hat hy ús fan alles ferteld oer it iten en de ytgewoanten fan de Sweden. Arjen hat bygelyks wenne moatte oan it útgebreid 'fika' dwaan: kofje mei in hapke. Wy Nederlanners binne dan wend om by de kofje gesellich even te kletsen. dat is hjir oars. Tidens 'fika' kin it wêze dat der amper in wurd sein wurdt, men sit swijend tsjin oer mekoar. Yn de keuken bringt Arjen wat 'leven in de brouwerij' troch muzyk te draaien, syn kollega's kinne André Hazes en De Kast yntusken ek. Thús by de famylje wurde we bedoarn mei wafels.

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)