Derguti nei Snits Wyt Swart

05 jun 2012 - 09:23

Erolind Derguti makket de oerstap fan Harkemase Boys nei Snits Wyt Swart. De Snitsers promovearren dit seizoen nei de topklasse, wylst Harkemase Boys degradearre nei de haadklasse. De 19-jierrige Derguti spile yn de jeugd fan Sportklup Cambuur en wie ek jeugdynternasjonal yn it sealfuotbal.

Harkemase Boys hat Bas Hooiveld (30) wol langer fêstlein. De ferdediger/middenfjilder kaam ferline jier oer fan WKE en hat ek in ferline yn it betelle fuotbal by Veendam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)