Gjin aksjes Steinfort

04 jun 2012 - 22:54

Der komme foarearst gjin aksjes by glêsfabryk Steinfort yn Frjentsjer. Dêr is te min animo foar, sa die moandeitejûn bliken op in gearkomste fan de fakbûnen. Steinfort waard koartlyn fallyt ferklearre, mar is yntusken oernaam. Neffens de fakbûnen wurdt foar de meiwurkers dy't bliuwe de âlde CAO en it saneamde arbeidsfoarwaardenbelied loslitten. Dat betsjut dat de wurknimmers lean ynleverje moatte.

Dochs kaam minder as de helte fan de leden moandei op de aksjegearkomste fan de bûnen ôf. Dat is te min om fierdere aksjes op tou te setten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)