Westra efterop, Weening net

04 jun 2012 - 22:52

Lieuwe Westra kaam yn de earste etappe fan it Critérium du Dauphiné mei mear as fjouwer minuten efterstân op etappewinner Cadel Evans oer de einstreek. De hurdfytser fan De Tynje sei dat er net super wie, mar der is gjin panyk: "Ik bin yn de opbou."

Pieter Weening fan De Harkema kaam yn de grutte groep op fjouwer sekonden fan Evans nei 187 kilometer yn Saint-Vallier oan. Weening is 27e yn it klassemint op alve sekonden fan lieder Bradley Wiggins. De Dauphiné is foar de measte hurdfytsers de tarieding op de Ronde fan Frankryk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)