Stroef begjin Bouwmeester

04 jun 2012 - 22:34

Marit Bouwmeester is op it Olympyske wetter fan Weymouth stroef begûn oan de generale fan de Spelen. Yn har Laser Radial waard de sylster út Warten yn de earste race 18e. Yn de twadde race sylde se mei de Sinese Zhang in ein foar it fjild út. Zhang wûn, Bouwmeester waard twadde. Yn de tuskenstân is se no 16e. Der binne 70 dielnimmers dy't de earste dagen yn twa groepen sile.

Pieter-Jan Postma kaam yn in fjild fan 44 yn syn Finn as 39e oer de einstreek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)