Bakkefean wol oan de slach

04 jun 2012 - 22:10

Bakkefean moat wer in doarp wurde dêr't fatsoenlik wenne en rekreard wurde kin. De fertutearze huzen binne sloopt en der is wer romte om nij te bouwen. Dy doarpsfisy hat pleatslik belang moandei oanbean oan de gemeenteried fan Opsterlân.

De Bakkefeansters wolle dat der no einlik stappen set wurde yn it doarp. Sa is troch de ried noch hieltyd net praat oer plannen foar in multyfunksjoneel sintrum. Dêrtroch stean in soad ûntwikkelings yn it doarp stil. Sa witte ferienings net oft se al of net ynvesteare moatte yn nijbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)