Te min omtinken greidefûgels

04 jun 2012 - 21:41
Ljip - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Skarsterlân docht te min oan greidefûgelkompensaasje by de útwreiding fan bedriuweterrein Slotmolen by Sint Nyk. De provinsje hat de gemeente dêrfoar op de fingers tikke.

Skarsterlân tocht dat sy de útwreiding fan it terrein mei 8,5 bunder al genôch kompenseard hie. De provinsje is it dêr net mei iens en easket oanfoljende maatregels. Sa moat de gemeente jild stoarte yn it provinsjale greidefûgelfûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)