Soargen oer natuerbehear

04 jun 2012 - 21:34

It bûn fan agraryske natuerferienings yn Fryslan, Boerennatuur, is tige teloarsteld yn de Nota Natuer en Lanlik Gebiet fan de provinsje Fryslân. Neffens harren jout de nota net genôch dúdlikheid oer de takomst fan it agrarysk natuerbehear.

Benammen de oerdracht fan it natuer- en lânskipsbehear fan de provinsje nei it Ryk yn 2014 is in punt fan soarch. Om't dêr neffens Boerennatuur noch neat foar regele is, soe der kâns wêze op in beliedsfakuüm.

(Advertinsje)
(Advertinsje)