Aksjes foar behâld Aris

04 jun 2012 - 21:24

Fans fan Aris fiere sneon aksje yn it sintrum fan Ljouwert. Se wolle dan jild ynsammelje foar it behâld fan de basketbalklup. De takomst fan Aris wurdt bedrige no't de haadsponsor ôfheakke is. Der is in gat yn de begrutting fan sa'n 150-tûzen euro.

Fans ha no de hannen gearslein en in aksjekomitee oprjochte. Sa wol se bygelyks jild ophelje troch bern mei in basketbal stuiterje te litten en ek swimt in basketballeafhawwer troch de grêften. De gemeente is frege garant te stean foar it bedrach dat noch mist. Takom wike wurdt der in beslút naam.

Trefwurden: 
Aris basketbal jild aksjes fans
(Advertinsje)
(Advertinsje)