Stasjonsbrêge goed besjoen

04 jun 2012 - 20:35
Stasjonsbrêge Frjentsjer

Deputearren Jannewietske de Vries en Sietske Poepjes hawwe moandei op wurkbesite west by de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer. De brêge is al jierren in ûnderwerp fan petear tusken de provinsje en de gemeente Frjentsjerteradiel.

De gemeente wol graach dat de brêge ferfongen wurdt. Dêrtroch kin it kanaal opwurdearre wurde foar de binnenfeart en de rekreaasjefeart. De provinsje wol de brêge leaver renovearje. Dat is goedkeaper. Wethâlder Bekkema hat goede hoop dat de deputearren oertsjûge binne troch de besite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)