Foarkomme foar klokhús

04 jun 2012 - 20:31
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

It Iepenbier Ministearje ferfolget de Ljouwerter Hille Asjes foar it feit dat er yn oktober in klokhús ta it autorút útgoaide. Yn augustus moat er him foar de rjochter ferantwurdzje.

Plysjeminsken seagen him op it Ljouwerter Skavernek it klokhús fuortsmiten en joegen Asjes in boete fan 180 euro. Asjes hat de boete net betelle en moat no foarkomme. Hy is ferbjustere oer de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)