Fergees Frysk e-book

04 jun 2012 - 20:28
Webbrowser - Foto: Omrop Fryslân

Boekefans kinne tusken 4 en 14 juny fergees in Frysk E-book downloade. It giet om it boek 'Griene Simmer' fan de Fryske skriuwer Bart Kingma. Utjouwer Elikser en de Fryske Bibleteken hawwe in Facebook-applikaasje ûntwikkele wêrmei't it boek sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk download wurde kin.

De aksje is ûnderdiel fan 'Moardspul 2012', dat organisearre wurdt yn it ramt fan de moanne fan it spannende boek. De bibleteken hoopje mei de aksje mear minsken foar it lêzen te ynteressearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)